Minder folk nei keramykmuseum

30 des 2005 - 12:18

Keramykmuseum Het Princessehof yn Ljouwert hat dit jier justjes minder besikers lutsen as yn 2004. Der binne 21.500 besikers west tsjin 23.000 minsken ferline jier. Het Princessehof is net ûntefreden, om't lanlik it tal besikers oan museums ek weromrint.

Boppedat wie it keramykmuseum dit jier noch dwaande de sealen yn te rjochtsjen nei in grutte ferbouwing. Ek hat de oanlis fan de nije parkeargaraazje by de Aldehou foar oerlêst soarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)