Oergong Huntelaar no echt rûn

© Omrop Fryslân
Ajax en SC Hearrenfean binne it definityf iens wurden oer de oergong fan Klaas Jan Huntelaar. Hearrenfean krijt 9 miljoen euro foar Huntelaar. Dat hat Ajax tongersdei bekend makke. Huntelaar sil op 8 jannewaris foar it earst meitrene by Ajax.
Danny Blind fan Ajax is tefreden. Hy neamt Huntelaar in echte djippe spits, dy't goed by Ajax past. Huntelaar spilet freed noch mei Hearrenfean tsjin Ajax.