Wynmûnen tastien by Marrum

30 des 2005 - 10:32

De beswieren fan it Fryske Gea en de Waadferiening tsjin it pleatsen fan sân wynmûnen by Marrum binne ûnbegrûne ferklearre troch de Raad van State. De mûnen komme yn de Nijtsjerkerpolder te stean tusken it doarp en de Waadseedyk.

De mûnen hawwe in ashichte fan 40 meter en passe wol yn it bestemmingsplan. De Raad van State hat dêrom allinich sjoen nei de gefolgen foar de natoer. It Ministearje fan lânbou en natoer hat dat goed ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)