Drokte by fjoerwurkferkeap

© Omrop Fryslân
Trije op 'e tsien hûshâldens yn Nederlân keapet fjoerwurk. Der wurdt ferwachte dat der dit jier sawat 50 miljoen euro oan legale knallerij de loft yn gean sil. Minsken wolle foaral sierfjoerwurk sjen. By de offisjele ferkeappunten wie it tongersdei drok.
De plysje hat it idee dat der minder yn it foar ôfknald wurdt. Ferline jier binne der in goeie 200 jongeren trochstjoerd nei it HALT-buro. Dat hat blykber preventyf wurke.