Acht oanhâldings foar xtc-hannel

© Omrop Fryslân
De plysje hat by in ûndersyk nei hannel yn xtc acht jongeren tusken de 17 en de 22 jier oanhâlden yn Easterwâlde. De drugshannel fûn plak op strjitte. Dêrby waard ûnder oare drugs ferkocht oan minderjierrigen.
In 20-jierrige man út Easterwâlde wurdt fertocht fan de hannel yn xtc, mar ek fan de mishanneling en bedriging fan in minderjierrige jonge. Dy woe er as dealer oan it wurk sette.