Oaljebollen foar Koudumers

29 des 2005 - 17:03

Alle ynwenners fan Koudum krije freed in pûde oaljebollen oerlange troch de lokale jongereinfuotballers.

Dat is om't it doarp troch ús lân nomineard is foar de Europeeske Doarpsfernijingspriis en dêr wurde de ynwenners mei felisiteard troch ûnder oare doarpsbelang en de ûndernimmers. Yn april of maaie komt in ynternasjonale sjuery nei it doarp ta. Dêrnei sil der in kar makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)