Minima-restaurant giet los

29 des 2005 - 16:33

Yn Ljouwert giet op 19 jannewaris it earste minima-restaurant fan Fryslân iepen. Op fertoan fan in spesjale pas kinne minima foar 2,50 euro ite. Ek oaren binne wolkom, sy kinne foar fiif euro in waarm miel krije.

It minima-restaurant sit yn wyksoarchsintrum Het Nieuwe Hoek oan it Hoeksterpad yn Ljouwert. De earste twa jier wurde alle aktiviteiten betelle út fûnsen en bydragen. Nei trije jier moat it restaurant it allinne rêde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)