37 banen fuort by Sonac

29 des 2005 - 14:54

De reorganisaasje by Sonac Burgum giet ynkoarten fan start, sa lit de direksje witte. Om't der minder bisten slachte wurde yn Nederlân is de oanfier fan grûnstoffen bot weromrûn. Sonac makket hjirút ingrediïnten foar ûnder oare hûnen en katten.

De direksje hat it no oer it ferdwinen fan 37 banen. Foar 15 meiwurkers betsjut it dat se binnen fjouwer jier mei pre-pensjoen geane. It twongen ûntslach fan oaren fynt yn fasen plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)