Aldjiersstunt mei hynder
Ut it attraksjepark Land van Ooit yn Drunen is yn de nacht nei woansdei in hiel grut hynder fan polyester stellen. It hynder 'Kos met de Snor' is goed 3,5 meter heech en 4 meter lang.
Op it plak dêr't it hynder stie, lei in briefke dat it bist it kâld hie en op 1 jannewaris wer wêrom wêze sil. De plysje tinkt dat in Fryske âldjiersploech hjir mei te krijen hat.