Follybalsters Snits fierder

17 mrt 2012 - 22:29

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn yn Meijel de beslissende tredde wedstriid yn de play-offs mei 3-2 wûn fan Peelpush. De earste set gong mei 25-20 ferlern, de twadde en de tredde waarden mei oermacht troch Snits wûn: 25-16 en 25-10.

Yn de fjirde set gong it nei 14-14 mis mei de froulju fan trainster Petra Groenland. De thúsploech makke seis punten op rige en pakte de set mei 25-23. De fiifde set gong mei 15-10 nei de Snitsers. Sneintejûn it ferfolch yn de heale finale mei de útwedstriid yn Apeldoorn tsjin Kindercentrum Alterno.

De twadde heale finalewedstriid is op woansdeitejûn yn de Snitser sporthal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)