Wapene manlju oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert twa manlju oppakt. Se hiene in eigner fan in kafee-restaurant mei in wapen bedrige. Dat barde yn it sintrum fan de stêd op it Saailân. Om't de man in wapen hie, hat de plysje de plysje de hiele binnenstêd ôfset.
Mei 16 minsken fan de arrestaasje- ienheid hat de plysje de achterfolging ynset. De beide manlju waarden úteinlik oppakt yn kafee Fire oan de Nijstêd. De manlju (beide 38) komme út Ljouwert.