Sauna Froubuorren wurdt kueroard

28 des 2005 - 16:00

De plannen foar in kueroard by de Fryske Sauna yn Froubuorren wurdt nij libben ynblaasd. De sauna wurdt meikoarten ferkocht oan Allspa Skin and Body Care. Dat bedriuw wol by de sauna in hotel bouwe mei 30 keamers.

Fierder komt der in grutter swimbad, in restaurant en in grut parkearplak. In buorkerij efter de sauna moat sloopt wurde yn ferbân mei de plannen. Eardere plannen binne stikken rûn troch sûnensproblemen fan de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)