Deadlik ûngelok by Easterwâlde

28 des 2005 - 15:56

By in ûngelok op de krusing Nanningawei mei de Rykswei N381 by Easterwâlde is woansdeitemoarn in 52-jierrige ynwenner fan dat doarp deadlik ferwûne rekke. In 52-jierrige doarpsgenoat ried yn in buske oer de Nanningawei en woe op de krusing linksôf de N381 opdraaie.

Nei alle gedachten hat de man yn it buske de auto oer de holle sjoen. In botsing wie it gefolch. De auto fan it slachtoffer kaam tsjin in lantearnpeal ta stilstân. De man wie op slach dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)