Ferljochte rûte troch it Bilt

28 des 2005 - 12:30

De stifting Lucht Licht Land 2000 organisearre tiisdeitejûn foar de tredde kear in ferljochte buorkerijrûte troch de gemeente It Bilt. De gemeente bestiet dit jier 500 jier en dêrom gie de tocht net allinne by pleatsen del, mar ek by monumintale gebouwen.

Oan de tocht diene ek 22 'einen' (Deux Cheveaux) mei. By it begjin fan de rûte yn Nijesyl waard mei karbid sketten. De tocht wurdt ek woansdei- en tongersdeitejûn holden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)