Krystpakket-aksje grut sukses

© Omrop Fryslân
De jierlikse krystpakket-aksje yn Drachten hat oant no ta 62 pakketten opsmiten. De aksje, wêrby't minsken harren pakket skinke kinne oan in goed doel, wurdt dit jier foar de achtste kear hâlden. De earste 20 krystpakketten binne freed ôflevere by de yntertsjerklike wurkgroep AZC en de stifting Needhulp Dakleaze frjemdelingen yn Smellingerlân.
Ein dizze wike wurdt de twadde skifting paketten ôflevere.