Feansters spylje gelyk tsjin RKC

© Omrop Fryslân
Sportklub Heerenveen hat tiisdei mei 2-2 gelyk spile tsjin RKC yn Waalwijk. De Friezen kamen yn de earste helte mei 2-0 achter, mar nei it skoft skoarde Klaas Jan Huntelaar twa kear.
Yn de earste helte fuotbalde Hearrenfean net goed, mar yn de twadde helte gie it in stik better. En der wie sels kâns om mei trije punten werom nei Fryslân te kommen, want Huntelaar poeierde noch in bal tsjin de latte oan.