Eigners winkel Rie bot oandien

© Omrop Fryslân
Leendert en Saapke van Wieren binne bot oandien troch it útbaarnen fan harren bakkerijwinkel en hûs yn Rie op Twadde Krystdei. It wie de iennichste winkel yn it doarp. De famylje is alles kwyt en hat de nacht trochbracht yn it hûs fan in doarpsgenoat.
Mooglik wolle se alles wer opbouwe, mar oft dat ek kin, is noch mar de fraach. De famylje krijt op it stuit in soad stipe út it doarp, lykas boartersguod foar de bern.