Winkel Rie folslein útbaarnd

© Omrop Fryslân
De bakkerijwinkel yn Rie is op Twadde Krystdei folslein útbaarnd. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke. It fjoer is ûntstien yn 'e houtkachel. Dy wie oan omdat de sintrale ferwaarming al in pear dagen stikken is.
De korpsen fan Frjentsjer en fan Menaam wiene belutsen by it blussen fan de brân en de heechwurker út Ljouwert is ynset. De skea rint yn 'e tonnen. De bakkerij is de iennichste winkel yn it doarp.