Tûzenen stimmen foar top 100

© Omrop Fryslân
It tal minsken dat in top 5 foar de Fryske Top 100 opjout is in goeie 5.000. Dat betsjut dat der mei-elkoar 25.000 stimmen útbrocht wurde op in Fryske artyst of groep.
Stimme gie foaral fia ynternet. By in spesjale ôflevering fan it programma Geart op Sneon waarden sneon lykwols ek nochris hûnderten telefoanyske stimmers binnenhelle. Yn it telefoantiim sieten Fryske artiesten. De Fryske Top 100 wurdt Aldjiersdei útstjoerd.