Opknapbeurt foar De Lauwers

© Omrop Fryslân
Bedriuweterrein De Lauwers yn Surhusterfean sil foar 1,5 miljoen euro opknapt wurde. Der wurdt al jierren praat oer in opknapbeurt fan De Lauwers omt de ûnderhâlds-tastân en de parkearfoarsjennings te winskjen oer litte. Mei de opknapbeurt sille de besteande parkearplakken oanpakt wurde en komme der ekstra plakken.
Fierders sille de tagong en de ûntsluting fan it terrein opknapt wurde en de bebuording ferbettere.