9 ton foar wyksintrum C'buren

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle hast njoggen ton útlûke foar in multifunksjoneel sintrum yn de wyk Cammingharen. Dat sintrum moat ûnderbrocht wurde yn it besteande wykgebou De Lieuwe. De gemeente hat in pear jier wurke oan de plannen.
Yn it nije sintrum moat ûnder oare in jongereinstrinum komme. Palet sil in wykrestaurant ynrjochtsje en fierder binne der ek plannen foar dei-opfang foar licht-dementearjende minsken.