Bakkefean: 1200 krystkuierders

© Omrop Fryslân
Oan de tradisjonele krystkuier yn Bakkefean hawwe op Twadde Krystdei mear as 1200 minsken meidien. Dat wie krekt wat minder as ferline jier, doe't 1500 minsken de kuierskuon oandiene. De kuier troch de bosken fan Bakkefean is ien fan 'e populêrste fan it noarden.
Dielnimmers kinne ferskate ôfstannen ôflizze en nei ôfrin is der snert. De krystkuier waard dit jier alwer foar de tritichste kear organisearre.