Berchbeklimmers nei de Súdpoal

27 des 2005 - 09:47

De Ljouwerters Hans Achterbosch, Harry Lunter en Ron Fonville binne op Twadde Krystdei ôfset nei de Súdpoal om de heechste berch dêr te beklimmen. De Ljouwerters ha as doel om yn fiif jier tiid de heechste bergen fan 'e fiif kontinenten te beklimmen.

De trije ha de Kilimanjaro yn Afrika, de Aconcagua yn Súd-Amearika en de Elbrus yn Europa al hân. No is de berch Vinson op de Súdpoal oan bar. Fanwege it kâlde waar kin dat dreech wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)