Noch gjin nije tsjerke yn Harns

© Omrop Fryslân
De Frijmakke Griffermearde tsjerke yn Harns kin dizze Krystdagen noch gjin gebrûk meitsje fan har eigen tsjerke. It gebou baarnde ferline jier folslein ôf, in pear dagen foar Krysttiid.
Der wurdt op it stuit hurd wurke oan in nij gebou. Dêrfan binne de muorren al opmetsele en der sit ek al wer in nij dak op. De tsjerkeleden meie yn de tuskentiid de griffermearde tsjerke brûke. De tsjerkerie hopet dat de nijbou foar de boufak oplevere wurdt.