'Drachten stoart fan Nederlân'

© Omrop Fryslân
Grien Links Smellingerlân wol dat de gemeente mear tafersjoch hâldt op alle ôffaltransporten nei Drachten. Neffens Grien Links komt út it hiele lân wei fersmoarge grûn nei in Drachtster grûnsanearringsbedriuw. In part fan 'e grûn wurdt brûke foar lûdswâlen om de Drachtster nijbouwiken hinne.
Grien Links fynt dat de kontrôle hjirop folle better kin. Drachten moat net it stoart fan Nederlân wurde, seit fraksjefoarsitter Lap fan Grien Links.