Tankberens yn Krysttaspraak

© Omrop Fryslân
Tankberens wie op Earste Krystdei it sintrale tema yn de Krysttaspraak fan Keninginne Beatrix. Hjoeddedei wurdt faak de klam lein op wat ûntbrekt, sa seit de Keninginne. By tankberens giet it der om dat je erkenne dat der ek in soad goed is en dat je je segeningen telle, sa sei Beatrix op radio en televyzje.
De Keninginne betanke eltsenien hertlik foar it meifieren fan it sulveren jubileum it ôfrûne jier.