Soad pakketten foar Voedselbank

25 des 2005 - 15:33

De oprop by tsjerken yn Fryslân om iten beskikber te stellen oan de Voedselbank yn Ljouwert, hat fertuten dien. Der binne de lêste dagen tsientallen pakketten ophelle mei it eigen buske fan de Voedselbank.

De oprop oan de tsjerken kaam begjin dizze moanne. De fraach nei de produkten fan de Voedselbank wie doe sa grut, dat der eins net oan foldien wurde koe. Mei de Krystdagen wurde 115 pakketten útdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)