Noch stimme foar Fryske Top 100

25 des 2005 - 14:10

Op âldjiersdei komt Omrop Fryslân Radio (FM 92.2 MHz) wer mei de Fryske Top 100. Nei it sukses fan de Top 40 is de Omrop yn 2004 út ein set mei de Top 100, doe basearre op goed 5000 stimmers.

Ien en oar is ek te folgjen fia Omrop Fryslân TV en harkers en sjoggers kinne SMS-kes stjoere. Der kin noch oant en mei Twadde Krystdei stimd wurde fia de webside www.omropfryslan.nl. Oant dit momint binne der hast 25.000 stimmen útbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)