Fermiste granaat Skylge weromfûn

25 des 2005 - 13:13

De fermiste markearingsgranaat op it strân fan Skylge is weromfûn. In oplettende foarbygonger hat it projektyl fûn flakby it plak dêr't it ôfrûne tongersdei fermist wie. De granaat waard ferline wike op it strân by peal 7 fûn troch in strânjutter.

De plysje hie der warskôgingsbuorden byset en de eksplosive- oprommingstsjinst ynskeakele. Dy soe de granaat tongersdei ûnskealik meitsje, mar dat koe net om't dy fuort wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)