Krol wol mei Verdonk prate

25 des 2005 - 12:06

Minister Verdonk fan Frjemdlingesaken moat sels in oplossing betinke foar útprosedearre asylsikers. Dat seit foarsitter Gerrit Krol fan de Feriening fan Fryske gemeenten. Krol reagearret hjirmei op it plan fan minister Verdonk om gemeenten dy't it útsetbelied net stypje, op it matsje te roppen.

Yn Fryslân binne in soad gemeenten dy't útprosedearre asylsikers stypje. Krol wol wol mei Verdonk prate oer har belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)