Noch gjin akkoart by Doeksen

25 des 2005 - 12:04

Rederij Doeksen en de fakbûnen binne it noch net iens wurden oer in nij farskema. Dat nije skema soe gefolgen ha foar it personiel. Dat is benaud dat der ûntslaggen falle sille.

Freed hat der de hiele dei oerlis west tusken Doeksen en de bûnen, mar dat hat neat opsmiten. De rederij ferwachtet dat de bûnen de oankundige aksjes yn jannewaris trochsette sille. Doeksen fart út Harns wei nei Flylân en Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)