Skylger rie tsjin ferhuzing SAR

24 des 2005 - 16:27

De gemeenterie fan Skylge wol ek dat de SAR-helikopters yn Ljouwert stasjonearre bliuwe en stipet de moasje fan de rie fan It Amelân. Boargemaster Verhoeven fan It Amelân hat de oare eilannen ek frege om de moasje te ûnderskriuwen.

Minister Kamp wol de helikopters oerpleatse nei Den Helder, mar dan komt de helpferliening neffens de eilannen en kommissaris Nijpels yn gefaar. Nijpels hie earder al protest oantekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)