ROOCOV fernuvere oer skeel

24 des 2005 - 15:39

It reizgersoerlis ROOCOV is bot fernuvere oer de wize wêrop ferfiersmaatskippij Arriva en Connexxion mei inoar omgean. Neffens de ROOCOV ha beide bedriuwen al skeel sûnt Connexxion de busferbining Grins-Hearrenfean-Lelystêd oernaam hat.

Sa ûntbrekt busline 315 yn it nije busboekje fan Arriva, wylst de bus wol troch Fryslân rydt. ROOCOV wol dat de ferfierders mei inoar prate om de service oan de reizgers te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)