Huntelaar definityf nei Ajax

24 des 2005 - 13:18

De transfer fan Klaas Jan Huntelaar nei Ajax is sa goed as rûn. De 22-jierrige spits fan Hearrenfean is freedtemiddei medysk keurd yn Amsterdam. Huntelaar tekenet in kontrakt foar 4,5 jier.

Ajax berikte moandei al in akkoart mei Huntelaar, mar doe moasten de beide klups it noch iens wurde. Dat is no ek it gefal. It tekenjen fan de oerienkomst hinget noch op details. De transfer is finansieel ien fan de grutste ea yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)