Portret Beatrix ûntbleate

23 des 2005 - 17:24

De gemeente Ljouwert freget keninginne Beatrix yn in brief om meikoarten del te kommen om har eigen portret te besjen. Dat sei boargemaster Dales woansdeitejûn by de ûntbleating fan in skilderij fan de keninginne, yn de riedseal fan it stedhûs fan Ljouwert.

It skilderij is makke troch Douwe Elias fan Frjentsjer yn opdracht fan de stichting Anthony Gasthuis. De keunstner hat sels nei de keninginne ta west om it skilderij te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)