Ljouwert kin fergees drugs jaan

23 des 2005 - 16:27

Ljouwert krijt fan it Ryk tastimming foar de fergese ferstrekking fan heroïne oan drugsferslaafden. Den Haach hat foar twa jier jild jûn foar it projekt. Sa'n 25 ferslaafden yn Ljouwert sille de fergese heroïne krije.

De gemeente wol sa de oerlêst troch dizze groep foarkomme. De ferslaafden hoege bygelyks net mear te stellen om oan drugs te kommen. Yn earste ynstânsje woe it Ryk Ljouwert gjin jild jaan foar de heroïne-ferstrekking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)