Gewelddiedige oerfal oplost

© Omrop Fryslân
De plysje hat de gewelddiedige oerfal op in 61-jierrige man út Stroobos oplost. In 23-jierrige man út Oude Pekela is dêrfoar oanholden. De plysje is noch op syk nei de oare fertochte, in 25-jierrige man út Veendam.
It slachtoffer waard yn maaie fan dit jier nachts yn syn hûs oerfallen troch twa manlju mei bivakmûtsen op. Hy waard in pear kear mei in mes stutsen. De man slagge der sels yn om de oerfallers it hûs út te wurkjen, sûnder bút.