Referindum oer takomst gemeenten

© Omrop Fryslân
Der moat ein 2006 in referindum komme oer de takomst fan de gemeenten Ferwerderadiel, It Bilt, Ljouwerteradiel en Menameradiel. Dat wol de mearderhied fan de gemeenteried fan Ljouwerteradiel.
Mei de folksrieplachting wol de gemeenteried mear dúdlikens krije oer de mooglike gearwurking tusken de fjouwer saneamde Middelseegemeenten. It referindum moat dêrom yn alle fjouwer gemeenten hâlden wurde.