Trije jier easke foar misbrûk

23 des 2005 - 15:32

Tsjin in 53-jierrige man út Bakkefean is tongersdei trije jier sel easke. Hy wurdt fertocht fan ûntucht mei twa minderjierrige jonges. De man wurke by de Raad voor de Kinderbescherming yn Assen. De slachoffers wiene bern dy't problemen hiene en dêrom help socht hiene by de bernebeskerming.

Justysje rekkent it de fertochte swier oan dat hy yn syn funskje as begelieder fan de bernebeskerming misbrûk makke hat fan kwetsbere jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)