Jongerein kin yn karavans bliuwe

23 des 2005 - 11:56

De jongerein yn Dongeradiel mei de kommende fjouwer jier noch yn syn yllegale ûnderkommens sitten bliuwe. Dat hat de gemeenterie tongersdei besletten. Plysje en brânwacht sille de feiligens yn de jeugdhonken goed yn 'e gaten hâlden.

Yn de fjouwer jier sil de gemeente wurkje oan offisjele ûnderkommens foar de jongerein. Dêrby wurdt ûnder oare tocht oan it pleatsen fan kantoar-units.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)