Wer referindum oer Nij Altoenae

23 des 2005 - 11:22

Der komt op 'e nij in referindum oer in mooglike doarpsstatus foar Nij Altoenae. Dat hat de gemeenterie fan it Bilt tongersdei besletten. Oer sa'n doarpsstatus wurdt al sa'n fyftjin jier praat. Der waard al twa kear earder in referindum oer hâlden.

By it earste wie in lytse mearderheid tsjin, by it twadde kamen net genôch stimmers om de útslach jildich te meitsjen. It is noch ûndúdlik wannear't it tredde referindum hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)