Japanske Abe nei Hearrenfean?

23 des 2005 - 09:42

SC Hearrenfean soe belangstelling hawwe foar de 24-jierrige Japanske middenfjilder Yuki Abe. Abe spilet by JEF United, dat it ôfrûne seizoen fjirde waard yn de Japanske J-League. Hy skoarde dit seizoen tolve kear.

De Deenske krante Hvidovre Avis meldt dat linkerferdigener Timmi Johansen(18) fan twadde divyzjeklub Hvidovre IF takom simmer nei Hearrenfean ferhuzet. De klubs binne it al iens. Johansen wurdt helle foar de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)