41 nije huzen foar Arum

© Omrop Fryslân
Yn Arum wurde 41 nije hûzen boud. De gemeente Wûnseradiel, wenningstifting De Friese Greiden Groep en projektûntwikkelder Dijkstra hawwe dêr in akkoart oer sletten. It giet om keaphuzen, mar ek om hierhuzen.
In part fan de huzen moat foar minsken mei in leech ynkommen ek betelber wêze. In pear jier lyn koe in plan foar in tal djoere huzen noch rekkenje op fûl ferset. De nije huzen komme oan de noardwestkant fan it doarp.