Flyers goed dwaande yn beker

22 des 2005 - 10:56

De Vadeko Flyers binne de earste wedstriid om de heale bekerfinale goed útein set. Tsjin De Amstel Tigers út Amsterdam waard mei 4-2 wûn. Twa perioden hienen de Flyers de wedstriid goed ûnder kontrôle, kamen mei 3-0 foar en liken maklik op wei nei de oerwinning.

Yn de tredde perioade sette Amsterdam nochris oan en kaam werom oant 3-2. Nei de 4-2 krige Amsterdam noch in penalty, mar dy waard knap tsjinhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)