Trip bêste tsjinstferliener

© Omrop Fryslân
It noardlike kantoar fan Trip Advocaten en Notarissen is de op twa nei bêste tsjinstferliener fan it lân wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan it sakeblêd Incompany, útfierd ûnder 3500 klanten fan tsjinstferlieners.
Trip hat yn it Noarden festigings yn Ljouwert, Drachten, Assen en Grins. Neffens de ûndersikers binne de advokaten benammen goed yn kreativiteit en yn it oplossen fan akute problemen.