Snits: 550 jier stedsrjochten

© Omrop Fryslân
Snits fiert yn 2006 dat it 550 jier stedsrjochten hat. It hiele jier troch binne der feesten en eveneminten yn de stêd.
Sa komt der in reüny foar alle ynwenners en âld-ynwenners en in útstalling mei wurk fan tritich keunstners. Fierders wol de feriening Sneker Zakenlieden it grutste jierdeisfeest fan Nederlân organisearje. De feestlikheden begjinne op 13 jannewaris mei in konsert.