Eefkes gjin opfearten grave

22 des 2005 - 08:07

Wetterskip Fryslân jout tydlik gjin tastimming om in opfeart te graven mei farwetter nei in hûs of pleats. De wetterskipsbestjoerders hawwe beswier tsjin de ekstra ûnderhâldskosten dy't in opfeart opsmite.

De diken oan beide kanten fan sa'n feart wurde no noch ûnderhâlden troch it wetterskip. Dat belied sil feroarje, mar dat kostet noch wat tiid. En sa lang nimt it wetterskip gjin nije oanfragen mear yn behanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)