Drokte foar nije sortearder TPG

© Omrop Fryslân
De nije postsortearmasine fan TPG Post hat yn de krystdrokte hiel wat wurk ferset. Oare jierren krioele it mids desimber fan de reade jassen by de postsortearring fan TPG. No stiet dêr in grutte sortearmasine dy't it wurk docht fan tritich pear minskehannen.
Dochs wurde der dizze dagen noch nachttsjinsten draaid, want der wurde net minder kaarten ferstjoerd. Minsken wolle inoar noch altiten gewoan mei de post noflike feestdagen tawinskje.