'Regels sjitte wolris troch'

© Omrop Fryslân
De feilichheidsregels foar de hoareka sjitte wolris troch. Dat seit Anne Jochum de Vries fan de keninklik Horeka Nederlân.
Sûnt de kafeebrân yn Volendam fan 2001 binne de regels foar de krystfersiering en flechtwegen yn de hoareka hiel bot oanskerpe. Dat is terjochte, seit De Vries, it moat wol feilich wêze. Mar no bart it dat guon regels inoar tsjinsprekke en dêrtroch net mear út te fieren binne.