Snits nei rjochter foar ozb

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits stapt nei de rjochter om ôfskaffing fan de ûnreplik-guod- belesting (ozb) oan te fjochtsjen. Snits docht dat tegearre mei trije oare gemeenten en de Feriening Nederlânske Gemeenten.
De gemeenten fine dat se finansjeel te ôfhinklik wurde fan it Ryk. Troch it ôfskaffen fan in part fan de ozb rinne gemeenten jild mis, wat troch it ryk kompensearre wurdt. Dat soe de ûnôfhinklikens fan gemeenten oantaaste.